Gean nei de ynhâld

Nammeneamen-GjinOflaatWurk 4.0 Ynternasjonaal

CC BY-ND 4.0

Juridysk Skrift

Version 4.0 • See the errata page for any corrections and the date of change

About the license and Creative Commons

Creative Commons Corporation ("Creative Commons") is gjin advokatekantoar en jout gjin juridyske tsjinsten of juridysk advys. De fersprieding fan Creative Commons publike lisinsjes ropt gjin juridyske relaasje of oare relaasje mei Creative Commons yn it libben. Creative Commons stelt syn lisinsjes en dermei ferbûne ynformaasje ‘sûnder garânsje’ beskikber. Creative Commons biedt gjin garânsjes oangeande syn lisinsjes, watfoar ûnder dizze betingsten of kondysjes lisinsearre materiaal ek, of hokfoar oare dermei ferbûne ynformaasje. Creative Commons slút alle oanspraaklikheid út foar watfoar skea dan ek folgjend út it brûken dêrfan, yn ’e romst mooglike sin.

It brûken fan Creative Commons Publike Lisinsjes

Creative Commons publike lisinsjes biede in standert rige betingsten en kondysjes dy’t makkers en oare rjochthawwers brûke kinne om oarspronklike auteurswurken en materiaal dêr’t auteursrjocht en beskate oare rjochten op rêste út te wikseljen lykas oanjûn yn de publike lisinsje hjirûnder. De neikommende oerwagingen binne allinne bedoeld foar ynformative doelen, se binne net útputsjend en meitsje gjin part út fan ús lisinsjes.


Oerwagingen foar lisinsjejouwers

Us publike lisinsjes binne bedoeld foar it brûken troch rjochthawwers om it publyk tastimming te jaan om materiaal te brûken op manieren dy’t oars beheind wêze soene troch it auteursrjocht en beskate oare rjochten. Us lisinsjes binne net-ynlûkber. Lisinsjejouwers wurdt oanret om de betingsten en kondysjes fan de lisinsje dy’t hja kieze te lêzen en te begripen foar it tapassen derfan. Lisinsjejouwers binne ferplicht om alle nedige rjochten feilich te stellen foar it oanbringen fan ús lisinsjes, sadat it publyk it materiaal nei ferwachting opnij brûke kin. Lisinsjejouwers moatte oanjaan hokker materiaal oft net ûnder de lisinsje falt. Dat omfettet oar Creative Commons lisinsearre materiaal, of materiaal dat ûnder in útsûndering of beheining fan it auteursrjocht brûkt wurdt. Mear oerwagingen foar lisinsjejouwers.


Oerwagingen foar it publyk

Troch it brûken fan ien fan ús publike lisinsjes jout in lisinsjejouwer it publyk tastimming om het lisinsearre materiaal te brûken ûnder beskate betingsten en kondysjes. As tastimming fan de lisinsjejouwer net needsaaklik is om hokker reden dan ek – bygelyks as gefolch fan in wetlike útsûndering of beheining fan it auteursrjcht – dan is dat gebrûk net regele troch de lisinsje. Us lisinsjes jouwe allinnich tastimming dêr’t in lisinsjejouwer it foech hat ûnder it auteursrjocht en beskate oare rjochten. It brûken fan it lisinsearre materiaal kin beheind wurde om oare redenen, en dêrûnder it gefal dat oaren auteursrjocht of oare rjochten hawwe op it materiaal. In lisinsjejouwer mei spesjale fersiken dwaan, lykas freegje om alle wizigingen bekend te meitsjen of te omskriuwen. Hoewol’t dat gjin eask is neffens de lisinsje, moedigje wy jo oan om ridlike fersiken te respektearjen. Mear oerwagingen foar it publyk.

About Creative Commons

Creative Commons is gjin partij by syn publike lisinsjes. Lykwols kin Creative Commons der foar kieze ien fan de publike lisinsjes ta te passen op materiaal dat it sels publisearret, en yn dy gefallen sil Creative Commons beskôge wurde as de "Lisinsjejouwer". De tekst fan de Creative Commons-publike lisinsjes is tawijd oan it publike domein ûnder de Creative Commons CC0 Publike Domein Ofstânsferklearring . Utsein it beheinde doel om te witten te dwaan dat materiaal ûnder in Creative Commons Publike Lisinsje frijjûn is, of oars tastien is op grûn fan it belied fan Creative Commons publisearre op creativecommons.org/policies , jout Creative Commons gjin tastimming foar it brûken fan it merk "Creative Commons" of hokfoar oar merk of logo fan Creative Commons dan ek sûnder skriftelike tastimming yn ’t foar en dêrby, sûnder beheining, yn ferbân mei ûnautorisearre wizigingen oan ien fan syn iepenbiere lisinsjes of alle oare regelingen, ôfspraken of oerienkomsten oangeande it brûken fan lisinsearre materiaal. Foar alle dúdlikheid, dizze paragraaf makket gjin part út fan de publike lisinsjes.

Jo kinne kontakt opnimme mei Creative Commons op creativecommons.org .

Creative Commons is the nonprofit behind the open licenses and other legal tools that allow creators to share their work. Our legal tools are free to use.