Version 4.0 • See the errata page for any corrections and the date of change
About the license and Creative Commons
Creative Commons Corporation ("Creative Commons") is gjin advokatekantoar en jout gjin juridyske tsjinsten of juridysk advys. De fersprieding fan Creative Commons publike lisinsjes ropt gjin juridyske relaasje of oare relaasje mei Creative Commons yn it libben. Creative Commons stelt syn lisinsjes en dermei ferbûne ynformaasje ‘sûnder garânsje’ beskikber. Creative Commons biedt gjin garânsjes oangeande syn lisinsjes, watfoar ûnder dizze betingsten of kondysjes lisinsearre materiaal ek, of hokfoar oare dermei ferbûne ynformaasje. Creative Commons slút alle oanspraaklikheid út foar watfoar skea dan ek folgjend út it brûken dêrfan, yn ’e romst mooglike sin.
It brûken fan Creative Commons Publike Lisinsjes
Creative Commons publike lisinsjes biede in standert rige betingsten en kondysjes dy’t makkers en oare rjochthawwers brûke kinne om oarspronklike auteurswurken en materiaal dêr’t auteursrjocht en beskate oare rjochten op rêste út te wikseljen lykas oanjûn yn de publike lisinsje hjirûnder. De neikommende oerwagingen binne allinne bedoeld foar ynformative doelen, se binne net útputsjend en meitsje gjin part út fan ús lisinsjes.
Oerwagingen foar lisinsjejouwers
Us publike lisinsjes binne bedoeld foar it brûken troch rjochthawwers om it publyk tastimming te jaan om materiaal te brûken op manieren dy’t oars beheind wêze soene troch it auteursrjocht en beskate oare rjochten. Us lisinsjes binne net-ynlûkber. Lisinsjejouwers wurdt oanret om de betingsten en kondysjes fan de lisinsje dy’t hja kieze te lêzen en te begripen foar it tapassen derfan. Lisinsjejouwers binne ferplicht om alle nedige rjochten feilich te stellen foar it oanbringen fan ús lisinsjes, sadat it publyk it materiaal nei ferwachting opnij brûke kin. Lisinsjejouwers moatte oanjaan hokker materiaal oft net ûnder de lisinsje falt. Dat omfettet oar Creative Commons lisinsearre materiaal, of materiaal dat ûnder in útsûndering of beheining fan it auteursrjocht brûkt wurdt. Mear oerwagingen foar lisinsjejouwers.
Oerwagingen foar it publyk
Troch it brûken fan ien fan ús publike lisinsjes jout in lisinsjejouwer it publyk tastimming om het lisinsearre materiaal te brûken ûnder beskate betingsten en kondysjes. As tastimming fan de lisinsjejouwer net needsaaklik is om hokker reden dan ek – bygelyks as gefolch fan in wetlike útsûndering of beheining fan it auteursrjcht – dan is dat gebrûk net regele troch de lisinsje. Us lisinsjes jouwe allinnich tastimming dêr’t in lisinsjejouwer it foech hat ûnder it auteursrjocht en beskate oare rjochten. It brûken fan it lisinsearre materiaal kin beheind wurde om oare redenen, en dêrûnder it gefal dat oaren auteursrjocht of oare rjochten hawwe op it materiaal. In lisinsjejouwer mei spesjale fersiken dwaan, lykas freegje om alle wizigingen bekend te meitsjen of te omskriuwen. Hoewol’t dat gjin eask is neffens de lisinsje, moedigje wy jo oan om ridlike fersiken te respektearjen. Mear oerwagingen foar it publyk.
Nammeneamen-NetKommersjeel 4.0 Ynternasjonaal
Troch it útoefenjen fan de Lisinsearre Rjochten (lykas hjirûnder bepaald), gean Jo akkoart mei de betingsten en kondysjes fan dizze Creative Commons Nammeneamen-NetKommersjeel 4.0 Ynternasjonale Publike Lisinsje (“Publike Lisinsje”). Foarsafier’t dizze Publike Lisinsje útlein wurde kin as in kontrakt, wurde Jo de Lisinsearre Rjochten jûn mei it achtslaan fan Jo oanfurdiging fan dizze betingsten en kondysjes, en de Lisinsjejouwer jout Jo dizze rjochten mei it achtslaan fan de foardielen dy’t de Lisinsjejouwer krijt troch it beskikber stellen fan it Lisinsearre Materiaal ûnder dizze betingsten en kondysjes.
Kêst 1 – Definysjes.
- Oflaat Materiaal betsjut materiaal dat is beskerme troch Auteursrjocht en Besibbe Rjochten, dat Oflaat is fan of basearre op it Lisinsearre Materiaal en dêr’t it Lisinsearre Materiaal yn oerset, feroare, arranzjearre, omfoarme of oars oanpast is op in manier dy’t tastimming easket op grûn fan it Auteursrjocht en Besibbe Rjochten fan de Lisinsjejouwer. Foar de tapassing fan dizze Publike Lisinsje wurdt, wannear’t it Lisinsearre Materiaal in muzykwurk, útfiering of lûdsopnimming is, der altyd Oflaat Materiaal produsearre dêr’t it giet om Lisinsjearre Materiaal dat yn tiidopnommen ferbân syngronisearre wurdt mei in bewegend byld.
- Ofliederslisinsje betsjut de lisinsje dy’t Jo tapasse op Jo Auteursrjocht en Besibbe Rjochten yn Jo bydrage oan it Oflaat Materiaal mei it achtslaan fan de hjirboppe neamde betingsten en kondysjes fan dizze Publike Lisinsje.
- Auteursrjocht en Besibbe Rjochten binne it auteursrjocht en rjochten dy’t nau besibbe binne oan it auteursrjocht, en dêrûnder mar net beheind ta, útfieringen, útstjoering, lûdsopnimming en Sui Generis Databankerjocht, likefolle de manier sa’t de rjochten beneamd of kategorisearre binne. Foar de doelen fan dizze Publike Lisinsje falle de rjochten omskreaun ûnder Kêst 2(b)(1)-(2) net ûnder Auteursrjocht en Besibbe Rjochten.
- Effektive Technologyske Maatregels betsjutte maatregels dy’t, by it ûntbrekken fan it krekte foech, net omsyld wurde meie, om wetten ta ymplemintaasje fan de ferplichtingen fan Kêst 11 fan it WIPO Auteursrjochtferdrach oannommen op 20 desimber 1996, en/of soartgelikense ynternasjonale oerienkomsten.
- Utsûnderingen en Beheiningen betsjut ‘fair use’, ‘fair dealing’, en/of watfoar oare útsûndering of beheining dan ek fan it Auteursrjocht en Besibbe Rjochten dy’t fan tapassing binne op Jo brûken fan it Lisinsearre Materiaal.
- Lisinsearre Materiaal betsjut it artistike of literêre wurk, databank, of oar materiaal dêr’t de Lisinsjejouwer dizze Publike Lisinsje op tapast.
- Lisinsearre Rjochten betsjut de oan Jo jûne rjochten, beheind troch de betingsten en kondysjes fan dizze Publike Lisinsje, dy’t har beheine ta alle Auteursrjocht en de Besibbe Rjochten dy’t fan tapassing binne op Jo brûken fan it Lisinsearre Materiaal en dêr’t de Lisinsjejouwer it foech fan hat om dy te lisinsearjen.
- Lisinsjejouwer betsjut de persoan/persoanen of entiteit(en) dy’t rjochten jouwe ûnder dizze Publike Lisinsje.
- NetKommersjeel betsjut net yn it foarste plak bedoeld foar of rjochte op kommersjeel foardiel of jildlike fergoeding. Foar de tapassing fan dizze Publike Lisinsje jildt: it útruiljen fan it Lisinsearre Materiaal of oar materiaal dêr’t Auteursrjocht en Besibbe Rjochten op rêst, troch digitaal bestânsútwikseljen of soartgelikense manieren, is NetKommersjeel, mits der gjin betelling of jildlike fergoeding yn ferbân mei it útruiljen is.
- Sui Generis Databankerjocht betsjut rjochten oars as it auteursrjocht as gefolch fan Rjochtline 96/9/EC fan it Europeesk Parlemint en de Europeeske Ried fan 11 maart 1996 oangeande de rjochtsbeskerming fan databanken, lykas wizige en/of opfolge, likegoed as oare yn haadsaak lykweardige rjochten oeral op ’e wrâld.
- Jo stiet foar de persoan of entiteit dy’t de Lisinsearre Rjochten útoefenet ûnder dizze Publike Lisinsje.
Kêst 2 – Gruttens.
-
Lisinsjejaan
.
-
Mei it achtslaan fan de betingsten en kondysjes fan dizze Publike Lisinsje jout de Lisinsjejouwer hjirby oan Jo in wrâldwide, royalty-frije, net-eksklusive, net-ynlûkbere lisinsje dy’t net yn sublisinsje te jaan is, om de Lisinsearre Rjochten oangeande it Lisinsearre Materiaal út te oefenjen:
- it reprodusearjen en Utwikseljen fan it Lisinsearre Materiaal, hielendal of foar in part, allinnich foar NetKommersjele doelen; en
- it produsearjen, reprodusearjen, en Utwikskeljen fan Oflaat Materiaal, inkeld en allinne foar NetKommersjele doelen.
- Utsûnderingen en beheiningen . Foar alle dúdlikheid: as der Utsûnderingen en Beheiningen fan tapassing binne op Jo brûken is dizze Publike Lisinsje net fan tapassing en Jo hoege dan net te foldwaan oan de betingsten en kondysjes derfan.
- Termyn . De termyn fan dizze Publike Lisinsje wurdt fêstlein yn Kêst 6(a) .
- Media en formaten; technyske wizigingen tastien . De Lisinsjejouwer jout Jo it foech om de Lisinsearre Rjochten op alle media en formaten, al besteande likegoed as takomstige, út te oefenjen, en om de nedige technyske wizigingen oan te bringen om dat te dwaan. De Lisinsjejouwer docht ôfstân en/of giet dermei akkoart om ôfstân te dwaan fan elk rjocht of al it foech dat Jo ferbiedt om technyske wizigingen troch te fieren, dy’t needsaaklik binne om de Lisinsearre Rjochten út te oefenjen, en dêrby de technyske wizigingen dy’t needsaaklik binne om Effektive Technologyske Maatregels te omsilen. Foar de tapassing fan dizze Publike Lisinsje smyt it ienfâldich wizigjen lykas tastien yn Kêst 2(a)(4) nea Oflaat Materiaal op.
-
Ofnimmende ûntfangers
.
- Oanbod fan de Lisinsjejouwer – Lisinsearre Materiaal . Elke ûntfanger fan it Lisinsearre Materiaal krijt automatysk in oanbod fan de Lisinsjejouwer om de Lisinsearre Rjochten út te oefenjen neffens de betingsten en kondysjes fan dizze Publike Lisinsje.
- Gjin ôfnimmersbeheiningen . Jo meie it Lisinsearre Materiaal gjin oanfoljende of ôfwikende betingsten of kondysjes oanbiede of oplizze, en der gjin inkelde Effektive Technologyske Maatregel op tapasse, as dêrmei it útoefenjen fan de Lisinsearre Rjochten troch hokfoar ûntfanger fan it Lisinsearre Materiaal ek beheind wurdt.
- Gjin goedkarring . Neat yn dizze Publike Lisinsje foarmet of mei útlein wurde as de tastimming om út te hâlden of te ûnderstellen dat Jo of Jo brûken fan it Lisinsearre Materiaal bûn of finansiere binne of is, of goedkard of in offisjele status krigen ha of hat troch de Lisinsjejouwer of oare dêrta oanwiisde persoanen om Nammeneamen te krijen lykas bedoeld yn Kêst 3(a)(1)(A)(i) .
-
Mei it achtslaan fan de betingsten en kondysjes fan dizze Publike Lisinsje jout de Lisinsjejouwer hjirby oan Jo in wrâldwide, royalty-frije, net-eksklusive, net-ynlûkbere lisinsje dy’t net yn sublisinsje te jaan is, om de Lisinsearre Rjochten oangeande it Lisinsearre Materiaal út te oefenjen:
-
Oare rjochten
.
- Morele rjochten, lykas it rjocht op yntegriteit, binne net lisinsearre ûnder dizze Publike Lisinsje, likemin as publisiteit, privacy en/of oare soartgelikense persoanlikheidsrjochten; lykwols, foarsafier mooglik docht de Lisinsjejouwer ôfstân en/of giet akkoart mei it net ynroppen fan watfoar fan sokke rjochten holden troch de Lisinsjejouwer dan ek, ta de hichte dat dat needsaaklik is om Jo de Lisinsearre Rjochten útoefenje kinne te litten, mar op gjin oare manier.
- Oktroai- en merkerjocht falle net ûnder dizze Publike Lisinsje.
- Foarsafier mooglik docht de Lisinsjejouwer ôfstân fan watfoar rjocht dan ek op royaltys fan Jo foar it útoefenjen fan de Lisinsearre Rjochten, itsij streekrjocht ynbard, itsij troch in kollektive behearsorganisaasje op grûn fan in frijwillige of foar ôfstân fetber wetlik- of twanglisinsjestelsel. Yn alle oare gefallen behâldt de Lisinsjejouwer mei klam it rjocht om royaltys yn te barren, en dêrby as it Lisinsearre Materiaal brûkt is foar oare as NetKommersjele doelen.
Kêst 3 – Lisinsjebetingsten.
Jo uitoefening fan de Lisinsearre Rjochten is mei klam ûnderwurpen oan de neikommende betingsten.
-
Nammeneamen
.
-
As Jo it Lisinsearre Materiaal Utwikselje (en dêrby yn oanpaste foarm), binne Jo ferplicht:
-
it neikommende te behâlden as it troch de Lisinsjejouwer by it Lisinsearre Materiaal oanlevere wurdt:
- identifikaasje fan de makker(s) fan it Lisinsearre Materiaal en hokker oar ek dy’t oanwiisd is ta it krijen fan Nammeneamen, op elke ridlike manier frege troch de Lisinsjejouwer (en dêrby by wize fan pseudonym as dy oanwiisd is);
- in auteursrjochtneaming;
- in ferwizing nei dizze Publike Lisinsje;
- in ferwizing nei de útsluting fan garânsjes;
- in URI of hyperlink nei it Lisinsearre Materiaal foarsafier’t dat ridlikerwize útfierber is;
- oan te jaan oft Jo it Lisinsearre Materiaal oanpast ha, en in yndikaasje fan alle eardere oanpassingen te behâlden; en
- oan te jaan dat it Lisinsearre Materiaal ûnder dizze Publike Lisinsje stiet, en de tekst taheakje fan, of de URI of hyperlink nei, dizze Publike Lisinsje.
-
it neikommende te behâlden as it troch de Lisinsjejouwer by it Lisinsearre Materiaal oanlevere wurdt:
- Jo kinne oan de betingsten yn Kêst 3(a)(1) foldwaan op elke ridlike manier mei it achtslaan fan it medium, de middels en de kontekst dêr’t Jo it Lisinsearre Materiaal yn Utwikselje. It kin bygelyks ridlik wêze om oan de betingsten te foldwaan troch in URI of hyperlink te pleatsen nei in boarne dy’t de fereaske ynformaasje befettet.
- As de Lisinsjejouwer derom freget, binne Jo ferplicht om alle ynformaasje neamd yn Kêst 3(a)(1)(A) wei te heljen foarsafier’t dat ridlikerwize útfierber is.
- As Jo Oflaat Materiaal Utwikselje, dat Jo produsearre hawwe, mei de Ofliederslisinsje dy’t Jo tapasse de ûntfangers fan it Oflaat Materiaal net keare om te foldwaan oan dizze Publike Lisinsje.
-
Kêst 4 – Sui Generis Databankerjochten.
Wannear’t de Lisinsearre Rjochten, Sui Generis Databankerjochten omfetsje dy’t fan tapassing binne op Jo brûken fan it Lisinsearre Materiaal:
- foar alle dúdlikheid: Kêst 2(a)(1) jout Jo it rjocht ta opfreegjen, opnij brûken, reprodusearjen en Utwikseljen fan alle ynhâld fan de databank of in wêzentlik oanpart dêrfan, inkeld foar NetKommersjele doelen;
- as Jo alle ynhâld fan de databank of in wêzentlik oanpart dêrfan gearfoegje ta in databank dêr’t Jo it Sui Generis Databankerjocht op hawwe, dan is de databank dêr’t Jo dat Sui Generis Databankerjocht op hawwe (mar net de aparte ûnderdielen derfan) Oflaat Materiaal; en
- Jo moatte foldwaan oan de betingsten steld yn Kêst 3(a) by it Utwikseljen fan alle ynhâld fan de databank of in wêzentlik oanpart dêrfan.
Foar alle dúdlikheid: Kêst 4 tsjinnet ta oanfolling en net ta ferfanging fan Jo ferplichtingen ûnder dizze Publike Lisinsje, wannear’t de Lisinsearre Rjochten ek oare Auteursrjochten en Besibbe Rjochten omfetsje.
Kêst 5 – Utsluting fan garânsjes en beheining fan oanspraaklikheid.
- Mits net op in oare manier apart útfierd troch de Lisinsjejouwer en foarsafier mooglik, biedt de Lisinsjejouwer it Lisinsearre Materiaal oan ‘sûnder garânsje’ en ‘yn ’e steat dêr’t it no yn is’, en jout dêrfoar gjin ferklearringen of garânsjes fan hokker aard dan ek oangeande it Lisinsearre Materiaal, net eksplisyt, noch ymplisyt, statutêr of oars. Dat omfettet, sûnder beheining, garânsjes fan titel, ferkeapberens, gaadlikheid foar in beskaat doel, net-ynbrek, ôfwêzigens fan latinte of oare tekoarten, krektens of de oanwêzigens of ôfwêzigens fan flaters, al of net bekend of te finen. As útslutingen garânsjes hielendal of foar in part net tastien binne, is dizze útsluting net op Jo fan tapassing.
- Foarsafier mooglik, is de Lisinsjejouwer yn gjin gefal oanspraaklik foar Jo, of op watfoar juridyske grûnslach (en dêrby, sûnder beheining, fersom) of oars foar watfoar direkte, bysûndere, yndirekte, ynsidintele, punitive, eksimplaryske of oare ferliezen, kosten, lêsten of skea dan ek dy’t folgje út dizze Publike Lisinsje, of by it brûken fan it Lisinsearre Materiaal, sels as de Lisinsjejouwer op de hichte steld is fan it risiko op sokke ferliezen, kosten, of lêsten of skea. Dêr’t in beheining fan oanspraaklikheid hielendal of foar in part net tastien is, is dizze beheining net op Jo fan tapassing.
- De útsluting fan garânsje en beheining fan oanspraaklikheid lykas hjirboppe neamd, sil útlein wurde op in manier dy’t, foarsafier mooglik, it tichtst by in absolút frijwarjen en ferklearring fan ôfstân fan alle oanspraaklikheid komt.
Kêst 6 – Termyn en beëinigjen.
- Dizze Publike Lisinsje jildt foar de beskermingstermyn fan it Auteursrjocht en Besibbe Rjochten dy’t hjir lisinsearre wurde. Lykwols, as Jo net foldogge oan de betingsten fan dizze Publike Lisinsje, dan einigje Jo rjochten op grûn fan dizze Publike Lisinsje fan rjochtswegen.
-
As Jo rjocht om it Lisinsearre Materiaal te brûken as gefolch fan Kêst 6(a) einige is, wurdt dit werombrocht:
- automatysk mei yngong fan de datum dêr’t it oertrêdzjen op rjochtset is, mits it rjochtset is binnen 30 dagen nei Jo ûntdekking fan it oertrêdzjen; of
- nei útdruklik werombringen troch de Lisinsjejouwer.
Foar alle dúdlikheid: Kêst 6(b) docht gjin inkelde ôfbrek oan it rjocht fan de Lisinsjejouwer om rjochtsmiddels te brûken foar Jo oertrêdzjen fan dizze Publike Lisinsje.
- Foar alle dúdlikheid: de Lisinsjejouwer kin op elk stuit dat er wol it Lisinsearre Materiaal ûnder aparte betingsten of kondysjes oanbiede, of ophâlde mei de distribúsje fan it Lisinsearre Materiaal; dêrtroch sil dizze Publike Lisinsje lykwols net beëinige wurde.
- Kêst 1 , 5 , 6 , 7 , en 8 bliuwe jildich nei beëinigjen fan dizze Publike Lisinsje.
Kêst 7 – Oare betingsten en kondysjes.
- De Lisinsjejouwer is net bûn oan watfoar oanfoljende of oare betingsten of kondysjes dan ek dy’t Jo te witten dien hawwe, of it moast wêze dat dat mei klam oerienkommen is.
- Alle mooglike ôfspraken of oerienkomsten oangeande it Lisinsearre Materiaal dy’t hjiryn net neamd binne, binne ûnôfhinklik en stean los fan de betingsten en kondysjes fan dizze Publike Lisinsje.
Kêst 8 – Utlizzing.
- Foar alle dúdlikheid, dizze Publike Lisinsje wurdt net en kin ek net opfette wurde ta ferminderjen, beheinen of begrinzgjen fan, of as betingsten stellend oan, elk brûken fan it Lisinsearre Materiaal dat hoe dan ek rjochtmjittich sûnder tastimming syn beslach krije kin ûnder dizze Publike Lisinsje.
- Foarsafier mooglik, as in bepaling fan dizze Publike Lisinsje ûnôftwingber achte wurdt, sil de bepaling automatysk opbettere wurde ta it needsaaklike minimum om dy wol ôftwingber te meitsjen. As de bepaling net opbettere wurde kin, sil dy skaat wurde fan dizze Publike Lisinsje, sûnder dat de ôftwingberens fan de oare betingsten en kondysjes oantaast wurdt.
- Fan gjin inkelde betingst of kondysje fan dizze Publike Lisinsje wurdt ôfstân dien en gjin tekoart oan neilibjen wurdt tastien, of it moast wêze dat dat eksplisyt mei de Lisinsjejouwer oerienkommen is.
- Neat yn dizze Publike Lisinsje betsjut, of kin útlein wurde as, in beheining op, of as ôfstânsferklearring fan, watfoar foarrjochten en ymmuniteiten dan ek dy’t jilde foar de Lisinsjejouwer of foar Jo, en dêrby fan de juridyske prosessen fan watfoar rjochtsmêd of watfoar autoriteit dan ek.
About Creative Commons
Creative Commons is gjin partij by syn publike lisinsjes. Lykwols kin Creative Commons der foar kieze ien fan de publike lisinsjes ta te passen op materiaal dat it sels publisearret, en yn dy gefallen sil Creative Commons beskôge wurde as de "Lisinsjejouwer". De tekst fan de Creative Commons-publike lisinsjes is tawijd oan it publike domein ûnder de Creative Commons CC0 Publike Domein Ofstânsferklearring . Utsein it beheinde doel om te witten te dwaan dat materiaal ûnder in Creative Commons Publike Lisinsje frijjûn is, of oars tastien is op grûn fan it belied fan Creative Commons publisearre op creativecommons.org/policies , jout Creative Commons gjin tastimming foar it brûken fan it merk "Creative Commons" of hokfoar oar merk of logo fan Creative Commons dan ek sûnder skriftelike tastimming yn ’t foar en dêrby, sûnder beheining, yn ferbân mei ûnautorisearre wizigingen oan ien fan syn iepenbiere lisinsjes of alle oare regelingen, ôfspraken of oerienkomsten oangeande it brûken fan lisinsearre materiaal. Foar alle dúdlikheid, dizze paragraaf makket gjin part út fan de publike lisinsjes.
Jo kinne kontakt opnimme mei Creative Commons op creativecommons.org .
Creative Commons is the nonprofit behind the open licenses and other legal tools that allow creators to share their work. Our legal tools are free to use.